Op 14 maart 2024 is op 99 jierrige leeftyd Willem van der Meulen út Drachten ferstoarn. As der immen wie wêr “de bal it hart” rekke hie, wie dat neffens syn eigen sizzen wol by Willem.
Willem keatste fanôf de earste wedstryd yn 1996 by de 55+. Op 17 desimber 2014 wilens it 20-jarig jubileum, diene der noch 5 keatsers mei fan fan de earste kear en Willem van der Meulen wie dêrfan de âldste mei 90 jier. Yn 2014 keatste hy foar it lêst mei op 17 desimber. Willem hie dêr wol muoite mei: “Wat soe ik graach noch ris yn baltsje slaan” sei hy faak.
Willem ried salang syn sûnens it ta liet mei de keatsers út Drachten nei de partijen fan de 55+. De moaiste anekdoate is wol dat syn frou – wêrmei hy 74 jier troud wie – op in jûn tsjin Willem sei: De soan (ek al omtrint 70 jier) wol woansdei komme mar moatsto dan net keatse!
Syn fêste stek wie op de tillegraaf wêr’t hy mei in soad entûsjasme it spul folge en mei fielde mei de keatsers: “Die hast mar best rekke” of ” Geweldich wat hiest dy bal goed te plak.” , faak mei de fûst omheech ta stipe.
Dejinge dy it lef hie om oan de buordjes te kommen sûnder Willem syn tastimming krige de wyn fan foaren: “Blinder, ôfbliuwe dêrfoar sit ik hjir”.Willem koe ek wol lilk wurde as de keatsers net efkes de muoite nammen him op de hichte te bringen of in keats foarby slein wie of net.
Mar faak nei ôfrin wie it fan: “Wat hawwe jimme my wer in prachtige dei jûn”.