Wer los!

75 Man yn ‘e Trije en bûten 17 graden. Lykas wol faker: it hie skoan bûtendoar kind. Mar ja, dat wurdt noait dien, fansels.
En sa’n earste sealpartij nei gâns in skoft past allinnich mar op ‘e Trije-flier.
De mannen koenen ynstee fan ‘e frisse bûtenlucht wer wat sealsfear snuve. En swit- en oare luchtjes fan ‘e klaaikeamer.
Al apart dêrom, dat dêr gjin QR-koade noadich wie en yn ‘e kantine al. Benijd oft der net wat aerosoaltsjes omsweefd ha dy deis.
We hoopje fansels, dat it allegear wat tafalt en dat der net guon thúsbleaun binne omt se frezen foar de BOK*-dielnimmers dy’t der grif west ha.
Dy keare dan oaren wer út it stee. It bliuwt in teare kwestje, mei dy testen, fentilaasje, skieden fan foar- en tsjinstanners en al sa mear.
De toppers yn bygeand rymstikje dat ik tsjinkaam op ‘e Fryske Spreukekalinder ha grif gjin hinder hân fan dy hjoeddeiske problematyk.
Ik nim it hjir frijmoedich oer.

‘Cruijff en Van Basten waarden miljonêr
Troch no en dan in moaie goal te skoaren.
Piet Jetse, Wiep, “De Brand” en al dy oaren
drage ek stik foar stik de titel “Stjer”,
mar kinne dochs net libje fan ‘e rinten.
Want keatsen, dat is topsport sûnder sinten.’

Al kostet it ús allinnich mar sinten, ik hoopje dat we ’t noch libbenslang sûn dwaan meie.
PS: BOK = ‘Bewust Ongevaccineerde Kaatser’

De Wylgen, okt. 2021. Koop Scholten

Scroll naar boven