Soad leafhawwers: gauris boppe de 100 partoeren. Reisber waar, spannende partijen, wat wolle we noch mear.
5 Febrewaris prizige dei foar de kommisje: 19 priiswinners; 5 by de A’s, 8 by de B’s en 6 by de C’s; moai foar de slachter.
Ek noch in kamploop by de C’s: Jan Kwast en Hindrik Weiland. Wêr’t dy 4de krânse sa gau weikommen is…. Of hat Peter in digitaal-fotografysk trúkje úthelle?
Yn ‘e kompetysjestân falt op, dat der nei Frans Alberda – 8 út 3 – by de earste tsien 7 man binne mei 7 punten út 3; neffens punten in dield 2e plak eins. En 4 man steane alle kearen hast stiif njonkeninoar yn ‘e smûke klaaikeamer 11 om har te ferstrûpen. Twa fan de romrofte ‘Pompeblêden’ út it Feen: Klaas Postma op 2 en Tsjerk Jorritsma op 9. Freek Kuipers op 3; hy is, lykas Koop Scholten op 4, lid fan de yn oankommende septimber al wer 105-jierrige keatsklup Drachten.
As ’t sa trochset, dan ‘spreekt de Wouden weer een woordje mee’, is myn frijmoedige konklúzje.
Koop