Keatsen 55+

oprjochte yn 1994

Sonnenborgh – Leeuwarden 29 mei 2013

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Sipke Hiemstra, Marten Bergsma en Anne Kramer.

De 55+ hie wer in moaie keatsdei op Sonnenborgh.

D’r wienen op 29 maaie 86 keatsers delkommen nei it fjild fan Sonnenborgh yn Ljouwert om foar de twadde kear dit simmerskoft te sjen wa de bêsten binne. Om 10.00 oere gongen se los. Piet Keizer hie lotte mei 88 keatsers op de list, mar twa man út Frjentsjer wienen d’r net, sadat hieltiden yn 4 partoeren mar twa man keatsten. Foppe de Vries loste dit slim op, troch dan dy partoeren tsjin elkoar keatse te litten wer 2 man yn sieten.

Op sich wie it moai keatswaar, mei in temperatuur fan om en naby de 15 graden. Fanwegen de wyn leinen de 8 perken oan de noardkant fan it fjlid en dan is it mar goed dat it sa bewolkt wie, want oars kinne jo knap lêst fan de sinne hawwe. Anne Dijkstra fan partoer 89 koe dêr by syn lêste opslach moai gebrûk (misbrûk) fan meitsje, doe de sinne d’r efkes trochkaam. Hy brocht de bal heech efteryn. Johan Sikkema fan partoer 90 seach de bal net, sadat Anne mei syn maten Anne Kramer en Siep Berkepas woenen mei 5-2 (6-4). Anne Kramer hie hjirmei de krâns. De partoeren 83 en 84 keatsten 2 tsjin 2 en wienen noch wat letter dien om 16.05 oere. Germ Hallema fan partoer 83 sloech op by de stân 5-5 (6-4) en brocht de bal efteryn by Gerrit Otter. Dy sloech bêst út, mar jammer genôch gong de bal sawat by de boppe oer de kwealyne.

Klassemintslieder Joop Wortman wûn hjoed 1x en kaam op 20 punten. Hjirmei bliuwt it gat op 4 konkurrinten 3 punten. Om 16.30 rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken op 12 juny 2013 geane de 55plussers nei it keatsfjild yn Goutum en de wike derop wer nei Sonnenborgh.

A-klasse : 1. Sipke Hiemstra, Easterein. 2. Ynze Stienstra, Baaium. 3. Gerrit de Jong, Ysbrechtum (20-12). 4. Jan Sijtsinga, It Hearrenfean (20-13).
B-klasse:
1. Anne Kramer, Snits.
C-klasse: 1. Marten Bergsma, Reduzum. 2. Guus de Vries, Ljouwert. 3. Albert Dijkstra, Harns. 4. Rein Seerden, Snits.

Scroll naar boven