De 55+ stie stil by de dea fan Cor Vos op Sonnenborgh yn Ljouwert.
Fansels moast earst in minuut stil stean wurden by it ferstjerren fan Cor Vos út Ljouwert. Hy hat fanôf it begjin 8 jier lang yn de Kommisje sitten en in protte wurk fersetten. Dernei koe it om 10.05 oere oangean mei de earste 60 keatsers fan de list mei 90 keatsers. It wie dizze woansdei 25 maaie de moaiste dei fan de wike op Sonnenborgh yn Ljouwert. Prachtich moai waar, net folle wyn, folop sinne en in temperatuer fan sa’n 22 graden. Piet Keizer hie de lotting dien en ek de wedstrydlieding wie yn goeie hânnen by him no Foppe de Vries op fakânsje is.
Trochdat der 10 perken leinen, wie it no sawat 1½ oere earder dien as fjirtjin dagen lyn. De partoeren 87 en 88 wienen klear om 15.55 oere! Op de stân 5-5 (4-6) moast Sjoerd Nicolai fan partoer 87 opslaan. Foarynse Meint Steegstra woe graach winne en lei alle krêft yn de útslach en mepte de bal boppe.
Piet Bosgraaf rikte om 16.10 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. De keatsers hienen harren de sop goed smeitsje litten, oanbean troch Piet Bosgraaf, omdat hy op 19 maaie 50 jier troud wie mei Betty. Oer 14 dagen op 8 juny geane de 55plussers wer nei it fjild fan Sonnenborgh yn Ljouwert.
A-klasse : 1e. Rienk de Groot, Ljouwert. 2e. Jan van der Linden, Amsterdam. 3e. Johan Sikkema, Emmeloord.
B-klasse: 1e. Auke Kuiken, St. Jabik. 2e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3e. Bert Veldman, Boalsert. 4e. Jan Beimers, Dronryp.
C-klasse: 1e. Pieter Bergsma, Gytsjerk.
D-klasse: 1e. Henk Postma, Marsum. 2e. Albert Dijkstra, Gytsjerk.