Reinige dei by de 55+ op Sonnenborgh.
Wol wienen dizze lêste kear fan it simmerskoft 84 keatsers nei Ljouwert takommen, nettsjinsteande it suterige waar. Hjirtroch begon men pas om 20 minuten oer tsienen mei it keatsen yn 8 perken en tidens de partijen war ek noch wol es skûle as de buien te slim wienen. De wyn foel ta, mar de temperatuer wie ek mar sa’n 13 graden. Minne Soepboer hie wer lotte en de wedstrydlieding wie wer yn de fertroude hânnen fan Foppe de Vries. De lêste slach foel pas om 17.10 oere by de partoeren 79 en 80, by stân 5-5 (6-6). Sjouke Herrema fan partoer 79 moast opslaan en brocht de bal efteryn by Marten Bergsma. Marten sloeg de bal nei de stuit ûnderhâns kwea en hjir troch hie Jan Hoekstra, de maat fan Sjouke 3x wûn.
Piet Bosgraaf rikte om 17.35 oere earst doazen mei moai fleis út oan de frijwilligers fan Ljouwert fan de kantine en de manlju dy it fjild dêr klearmeitsje en wer opromje. Dernei rikte hy de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer 3 wike, op 15 oktober, begjint it winterskoft en geane de 55-plussers nei de Trije yn Frjentsjer.
Sjirk Overal wûn 3x en is de nije koprinner fan it klassemint wurden mei 43 punten. Auke Kuiken wûn 2x en is twadde mei 42 punten.
A-klasse: 1. Oeds de Roos, Menaam. 2. Rienk de Groot, Ljouwert. 3. Joost Schaap, Turns.
B-klasse: 1. Wim Jousma, Tytsjerk. 2. Geert Hoekstra, De Jouwer. 3. Sjirk Overal, Oldebroek. 4. Oeltsje Velstra, Idaard. 5. Wibe Hoitenga, Boazum. 6. Pieter Bouma, De Jouwer (20-12).
C-klasse: 1. Lieuwe Meijer, Minnertsgea. 2. Albert Dijkstra, Harns. 3. Tom Zuiderhof, Harns. 4. Jan Hoekstra, Gytsjerk.