Sonnenborgh-Leeuwarden 11 mei 2011

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Piet de Groot en Anne Donga (Johan van der Veen wie al fuort).

De 55plussers wer los yn de greide.

Fanwegen it prachtige waar de ôfrûne wiken wienen de kij al lang loslitten yn de greiden. No moasten de manlju fan de 55+ d’r oanleauwe foar harren earste wedstryd fan it simmerskoft. Ofrûne woansdei 11 maaie wienen 96 keatsers nei it smûke fjild op Sonnenborgh yn Ljouwert ta set en om 10.00 oere gongen de earste 48 keatsers fan de list los op de 2 fjilden mei 8 perken. Sa as oare jierren hienen de frijwilligers fan LKC it wer goed foar mekoar en mei it moaie waar derby koe d’r neat misgean. Net folle wyn, folop sinne en in temperatuer fan sa’n 24 graden. Wy witte de lêste wiken eins net better, mar neffens in soad minsken mei d’r no wol es wat reinwetter komme en foar de keatsfjilden soe dat ek wol goed wêze fansels.

D’r wienen in protte spannende partijen mei 5-5 en mei dertroch wienen de partoeren 91 en 92 pas dien om 17.20 oere! Op de stân 5-5 (6-6) moast Jan Bootsma fan partoer 92 opslaan. Jammer, jammer, want de bal kaam  10 cm foar de foarline terjochte, sadat partoer 91 wûn en dermei hie Piet Stellingwerf trije kear wûn.

Foppe de Vries rikte om 17.35 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Omdat it sa let wurden wie, koe Johan van der Veen net wachtsje op de priisútrikking en wie al fuort nei in sakelike ôfspraak. It fleis en de krâns wurdt bei de wâldman thúsbrocht troch Foppe, ek in wâldman. Oer 14 dagen op 25 maaie geane de 55plussers nei Ljouwert ta om op it smûke fjild fan Sonnenborgh te keatsen.

A-klasse : 1e. Piet de Groot, Mullum. 2e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum. 3e. Johan Bekema, Boalsert. 4e. Hans Hilarides, St Jabik.

B-klasse: 1e.Johan van der Veen, Oentsjerk. 2e. Piet Stellingwerf, Harns. 3e. Leendert Terpstra, Frentsjer. 4e. Jan Boorsma, Menaam.

C-klasse : 1e. Anne Donga, St. Jabik. 2e. Sjirk Overal, Oldenbroek. 3e. Sjouke Herrema, Hoorn. 4e. Wiep Hasz, Dronryp. 5e. Albert Dijkstra, Gytsjerk.

Scroll naar boven