Sonnenborgh – Leeuwarden 10 september 2014

De priiswinners mei de krâns, f.l.n.r.: Anne Kramer, Geert Hoekstra en Tom Twerda.

De 55+ nei Snits no werom op Sonnenborgh.

D’r wienen 78 keatsers nei Ljouwert takommen en om 10.00 oere koe it oangean. Op Sonnenborgh leinen 8 perken yn 2 fjilden en it wie goed keatswaar, want it wie bewolkt, mar wol droech en net folle wyn. De temperatuer koe better mei sa’n 15/16 graden. Minne Soepboer hie wer in bealch fol wurk ferset, want hy hie lotte, moast de moarns de minsken ynskriuwe en hy hie dy deis de wedstrydlieding, want Foppe de Vries wie mei de frou te fytsen. De lêste slach foel om 15.40 oere by de partoeren 77 en 78, by stân 5-3 (6-2) en hie noch wol in kertier duorje kint as de foarsitter net troch it fjild rûn wie by de opslach fan Piet de Groot fan partoer 78, sadat de útslach fan Oeds Broersma fan partoer 77 net troch Germ Hallema werom slein wurde koe oan’t de oare kant fan de keats fan 14 meter.

Piet Bosgraaf rikte om 16.05 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer fjirtjin dagen, op 24 septimber, geane de 55-plussers foar de lêste kear fan dit simmerskoft nei Sonnenborgh yn Ljouwert. Foar it klassemint is d’r neat feroare, want Auke Kuiken wûn 2x en dat die Sjirk Overal ek. Auke is earste bleaun mei 40 punten en Sjirk Overal is twadde ek mei 40 punten, mar hat dêr 1 wedstryd mear foar nedich hawn. De lêste partij moasten Auke en Sjirk tsjin elkoar en dat wie tige spannend. Op de stân 5-5 (6-2) wie de opslach fan Simon Grijpstra, de maat fan Sjirk, jammer genôch foar. Oars hie Sjirk 2 punten foar kaam op Auke.

A-klasse: 1. Anne Kramer, Snits. 2. Roel Sybesma, Easterein. 3. Oeds Broersma, Wytmarsum. 4. Jan Feenstra, Winsum.
B-klasse: 1. Geert Hoekstra, De Jouwer. 2. Bert Veldman, Boalsert. 3. Jan Boorsma, Menaam (20-12). 
C-klasse:
1. Tom Twerda, Putten. 2. Harke Anema, Wytmarsum. 3. Anne Baarda, Menaam. 4. Hillebrand Schuurmans, Boalsert (20-10).

Scroll naar boven