Foarsitter 55+ wint krâns.
D’r wienen 84 keatsers nei Ljouwert taset en om 10.00 oere gong it oan mei de earste 60 keatsers. Yn 2 fjilden leinen 10 perken en it wie in bytsje bewolkt, sa no en dan sinne mei in temperatuer fan om en naby 19 graden. Sjoen de ôfrûne wiken hienen wy wer lekker keatswaar. De partoeren 71 tsjin 72 en 81 tsjin 82 wienen tagelyk klear om 15.15 oere. Simon Grijpstra fan partoer 71 moast opslaan mei in keats fan 15 meter op de stân 4-5 (6-6) en hy brocht in strakke bal foaryn by Bert Veldman. Dy koe de drege bal dochs foarby de keats slaan, sadat partoer 72 wûn en syn maat Jan Beimers foar de tredde kear. By de oare partij wie de stân 3-5 (2-6) en moast Joeke Jongsma fan partoer 81 opslaan mei in keats fan 20 meter, makke troch syn maat Albert Dijkstra út Gytsjerk. De foarynse fan partoer 82, Guus de Vries, koe de keats net foarby slaan, sadat Albert Dijkstra dizze dei foar de tredde kear wûn en syn earste plak yn it klassemint behâlde koe.
Neffens it klassemint komme de bêste 55+ keatsers út de Wâlden, want by de earste fjouwer steane trije wâldmannnen. Johan van der Veen (Oentsjerk) wûn trije kear en bleau op plak 2 mei 30 punten, krekt lyk as Albert Dijkstra, mar dy hie dêr 14 kear foar nedich en Johan 15. Siete Wassenaar wûn mar ien kear en sakke fan plak 3 ôf. No steane op plak 3 en 4 Jan Hoekstra (Gytsjerk) en Sjouke Herrema (Hoorn) mei 29 punten. Hepke Hiemstra sil no wol ferhúzje moatte nei in grutter hûs, fanwegen al dy krânsen. Op 22 Juny, 20 July en 11 Augustus hie hy ek al de krâns by de 55+.
De K.V. Cannegieter út Balk hie no de fleisprizen beskikber stelt, omdat op 27 july yn Balk gjin priiswinners wienen. De partijen hôlden midden op de dei op, fanwegen it trieste gefal mei Jappie Miedema. Om 15.45 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Nije wike, op 7 Septimber, geane de 55plussers nei it keatsfjild op Sportcentrum Schuttersveld yn Snits.
A-klasse : 1e. Hepke Hiemstra, Grou. 2e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3e. Kees Sikkema, Dronten.
B-klasse: 1e. Auke Althof, Doanjum. 2e. Jan Beimers, Dronryp.
C-klasse: 1e. Henk Werkhoven, Gytsjerk. 2e. Sjouke Herrema, Hoorn. 3e. Albert Dijkstra, Harns.
D-klasse: 1e. Piet Bosgraaf, Drachten. 2e. Albert Dijkstra, Gytsjerk. 3e. Jan Hoekstra, Gytsjerk.