
De 55+ hie wer in moaie keatsdei op Sonnenborgh.
Op 29 augustus 2012 wienen 78 keatsers nei Ljouwert ta setten en om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 48 keatsers fan de list. Foarôf war in minuut stilte hôlden by it ferstjerren fan Jan van der Vlugt út It Hearrenfean op 16 augustus. De lytse man mei it Hearrenfean-shirt en pet is d’r net mear. Op Sonnenborgh wie it no wer prachtich moai waar mei in temperatuur fan sa’n 23 graden. Om 16.15 oere foel de lêste slach by de partoeren 73 en 74. Op de stân 5-5 (4-2) moast Bert de Jong fan partoer 74 opslaan mei twa keatsen. De earste wie foar it opslachpartoer en by de oare hie de bûten het perk steande Hans Hilarides fan partoer 73 nei in triktrak it lêste wurd en sloech de keats foarby. Dêrnei goaide Bert de bal bûten op de stân 6-4, sadat Hans Hilarides en syn maat Hepke Hiemstra fan partoer 73 trije kear wûn hienen.
Sjirk Overal wûn twa kear en bleaun earste yn it Klassemint mei 38 punten. Johan Sikkema, syn neiste konkurrint, wûn ek twa kear en kaam no op 33 punten. Sjoerd Nicolai behelle trije oerwinnings en kaam op it tredde plak mei 31 punten. Dan binne d’r trije efterfolgers mei 30 punten.
Piet Bosgraaf rikte om 16.35 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Nije wike, op woansdei 5 septimber 2012, geane de 55plussers nei Snits op in fjild by “Sportcentrum Schuttersveld”.
A-klasse : 1e. Jan Feenstra, Winsum. 2e. Hepke Hiemstra, Grou. 3e. Hans Hilarides, St. Jabik.
B-klasse: 1e. Jan Bootsma, Wommels. 2e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 3e. Freek Kuipers, Drachten.
C-klasse: 1e. Bart Limburg, Wolvegea. 2e. Sipke Wiersma, St. Jabik. 3e. Skelte Poelstra, Hijum. 4e. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum.