Sonnenborgh 21 september 2011

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jan Boorsma, Evert Heeg, en Hillebrand Schuurmans. De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jan Boorsma, Evert Heeg, en Hillebrand Schuurmans. Simon Grijpstra stiet er net by.

De 55+ hawwe it simmerskoft op Sonnenborgh ôfsletten.

D’r wienen 84 keatsers nei Ljouwert taset en om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers. Yn 2 fjilden leinen 9 perken en it wie einliks de hiele dei mizerich waar mei in temperatuer fan om en naby 17 graden. In pear 80-ers krimmenearden de middeis, dat sy it mar kâld hienen en dan is it mar goed, dat op 19 oktober wer keatst wurde kin yn de warme sporthal yn Frjentsjer. De partoeren 77 en 78 wienen dien om 15.40 oere. Catrimus Kooistra fan partoer 77 liet it healwei de partij ôfwitte, fanwegen in swypslach (hamstring) en doe moasten Andries Idzerda en Johan van der Veen tegearre fierder. Op de stân 5-5 (2-6) wie de opslachbal fan Johan bûten it perk. Yn de A-klasse kinne jo Evert Heeg (73 jier!) ek noch net útpoetse, want hy wûn de krâns.

Om 16.10 oere hat Piet Bosgraaf earst in fleispakket útrikt oan de frijwillgers fan Sonnenborgh (perken lizze en kantine). Dit wienen Jelle Kamstra, Jelle Braaksma, Rienk de Groot, Johannes Duhoux en Hennie Meindertsma. Sûnder dizze minsken kin men net keatse. Dernei rikte hy de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen en dernei kaam noch in wichtig momint foar de krânswinners, op de foto, mar Simon Grijpstra wie sa bliid mei de krâns, dat hy dy fuortdaliks oan syn frou sjen litte woe en nei hûs gongen wie. Op 19 oktober begjinne de 55plussers yn de Trije yn Frjentsjer mei it winterprogramma.

A-klasse : 1e. Evert Heeg, Easterlittens. 2e. Kees Sikkema, Dronten. 3e. Oeds de Roos, Menaam. 4e. Jan Feenstra, Winsum.

B-klasse: 1e. Simon Grijpstra, Ealsum. 2e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 3e. Auke Kuiken, Sint Jabik.

C-klasse: 1e. Jan Boorsma, Menaam. 2e. Sjouke Herrema, Hoorn.

D-klasse: 1e. Hillebrand Schuurmans, Boalsert. 2e. Roel Kuipers, Koarnjum.

Scroll naar boven