Keatsen 55+

Sonnenborgh 15 augustus 2012

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Johan Sikkema, Gerard Voogd, Jan Feenstra en Theo Smit.

De 55+ hie in warme keatsdei op Sonnenborgh.

Op 15 augustus 2012 wienen 72 keatsers nei Ljouwert ta setten en om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de list. It wie prachtich moai waar. De wyn soarge foar wat ferkuoling by in temperatuur fan sa’n 28 graden en as hja net keatse hoegden, sieten hja yn it skaad. Om 15.40 oere foel de lêste slach by de partoeren 67 en 68. Op de stân 2-5 (2-6) moast Dik Wiglema fan partoer 67 opslaan mei in keats fan 18 meter. Hy brocht de bal efteryn by Gooitzen Roorda en dy reage de bal mei syn nije twaddehâns want sawat boppe, sadat hysels ek yn de prizen foel.

Sjirk Overal wie d’r net , mar bleaun earste yn it Klassemint mei 36 punten,  want syn neiste konkurrint wie d’r ek net.  Johan Sikkema kaam no mei syn trije oerwinnings op it twadde plak mei 31 punten. Dan binne d’r trije efterfolgers mei 28 punten.

Piet Bosgraaf rikte om 16.05 oere de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 14 dagen, op woansdei 29 augustus 2012, geane de 55plussers op ‘e nij nei Sonnenborgh.

A-klasse : 1e. Jan Feenstra, Winsum. 2e. Tjeerd Bouma, Ljouwert.
B-klasse: 1e. Johan Sikkema, Emmeloord. 2e. Jaap van der Veen, St. Anne. 3e. Henk Porte, Ljouwert. 4e. Oeltsje Velstra, Idaerd.
C-klasse:
1e. Gerard Voogd, Harns. 2e. Gooitzen Roorda, Froubuorren. 3e. Pieter Bergsma, Gytsjerk.
D-klasse: 1e. Theo Smit, Frjentsjer. 2e. Jan Wagenaar, Winsum.

Scroll naar boven