Oars hie de woansdeis nei Peaske de slotpartij wêze sild. No Frans offysjeus winterkampioen fan it earste sealkeatsfearnsjier fan 2020; en Freek nei de Europa-league….We ha gjin Foxferplichtings, dat we hoege yn juny ús kompetysje net út te keatsen. Bisarre tiden dêrom. De hiele wrâld fan ‘e sokken troch ien sa’n frekt miniskúl stofke, mei gjin gewoane mikroskoop waar te nimmen. It giet om libben en dea. Dêrby ferblikt ús keatserij fansels finaal.
Sont in krappe moanne lizze de keatsballen dus yn ’t pûdsje te bekommen. De brûkers moatte har oars fermeitsje. Dy’t oer in knap eintsje tún beskikt hat te’n earsten oanslach genôch. De oaren koenen har wolris beriede oer de oanpassing fan ‘e spulregel, dat de linen net by ’t spylfjild hearre, lykas by oare balsporten. Wy foarmje de kategory mei de langste keatsonderfining op ‘t lêst. As wy no ris de foarstap nimme, dan folget de KNKB wol, soe ’t net.
Lit ek ris yn jim omgean hoe’t we dy onnoadige oerrinnerij – troch guon dy’t rejaal yn kinne dus – de nekke omdraaie kinne. Ha we der fuort genot fan miskyn as we wer los kinne. Sil noch wol even duorje trouwens. Us Drachtster Krânsepartij yn septimber kin noch wolris omdoopt wurde moatte yn Koronapartij. Tapaslik, want ik lies dat it Latynse corona net allinnich kroan, mar ek krânse betsjut(te kin). Komt wol hiel tichtby dan.
No, sûnens en goeie Peaskedagen. En oant sjen, al kin dat wolris fan ’t hjerst wurde.
Koop Scholten