Kâlde bedoening (fan Koop Scholten)

Tsjonge, wat in keale beweging, net, sa sonder keatserij. De measten fan ús ha nei Wommels, ein septimber, net wer in bal rekke, tink. Gâns in ferskil aanst, 16 desimber, mei dy ôfslutingspartij t.g.f. it 25-jierrich bestean, mei al syn festiviteiten deromhinne, ferliden jier. Gjin keatsen, gjin froulju op ‘e tribune, gjin gesellige iterij de jûns. Ik sjoch noch in glunderjende Piet Bosgraaf , lintsje op ’t boarst, oan ‘e ein fan ‘e tafel mei syn neiteam, en dy tafel fan ‘e ouwe seunen met hunne dames.

Even yn ‘e skiednis dûkt. Fan ‘t jier totaal 160 ferskillende dielnimmers. Frans Alberda foar ’t neist de winner, mei 29 punten; 12 kear west te keatsen. Faker koe fan ’t jier ek net. Knap gemiddelde; 4 krânsen. Gerrit Otter, mei 3 krânsen en 27 út 11, hie him noch foarby kind, as er noch in dei meidien hie en alle partijen wûn, wylst Frans gjin punten helle hie, of net meidien. Dy komt der ek wat keal foarwei, tink. Huldiging fia Skype of sa en de rollade oer de post. Jan Kwast, winner yn 2019, kin him fia yntern Harlinger transport de wikselpriis wol even taskikke, yn dit útsonderlik seisoen. Men soe hoopje, dat it by ien sa’n gefal bliuwt.

By dat 25-jierrich jubileum, 18-12-2019, dienen der 114 man mei. In fergeliking mei ús foarich hichtepunt, 17-12-2014, wiist út, dat fan ‘e 175 op it einoersjoch doe 126 keatsers yn aksje kamen. Rûchwei teld dienen 52 fiif jier letter al net mear mei. Om watfoar reden ek. Fêst 9, omdat se weirekke wienen yntusken. Oaren fanwegen in operaasje, wurk, of omdat se net mear koenen of woenen. It wie Willem van der Meulen – 1 novimber krekt 96 wurden – syn lêste partij. Net yn ‘e prizen, wol in krânse, tanksij de genereuze Harnzer keatser/muzikant en riedslid Wiebe van Dyk, út respekt foar sa’n âlde dielnimmer.

It lêste jier binne Evert Heeg en Wiebe Visser, twa karakteristike keatsers, ús noch ontfallen. Wy betinke al dy sportfreonen fan earder út ús rûnte yn weemoed.

No, it measte kinne jim wol neigean yn ús digitaal argyf. Moai om dêr wat yn om te strunen.
Dy koroanapandemy leveret gjin bydrage oan ús bewegingspatroan, fansels. Yn aksje bliuwe is op ús jierren breanoadich neffens de H.H. sûnensprofessoaren. Wat soenen se wiis wêze mei ús 55-plus-aktiviteiten. Hoefolle stappen soenen we op sa’n keatsdei net sette? Hoefolle kalorieën ferbaarne by ’t op- en útslaan? Jim hâlde likegoed jim gewicht wol wat yn ‘e gaten?

Wat ik nêst it keatsen noch wolris mis, is it smoute, soms ek frij persoanlike, praat fan ús bewend ploechje, yn ‘e klaaikeamer. Oer de útsakke búkjes en de frijwat beklonken wormvormige aanhangsels onder de douche neityd sille we mar swije…..

Gelokkich wienen der, nêst in sobere Sinteklaasfiering, noch wat ljochtpuntsjes yn ús hjerstich bestean: Foppe en Wytske beide in Set-‘m-op-mûtse fan Omrop Fryslân, omdat Foppe mei har top 5 – ynstjoering de safolste wie; Pyt Paulusma yn ’t sintsje set fanwegen syn 35-jierrich waarmanskip by dyselde omrop en noch wat prachtige kuier-en reissneinen. Fierder moatte we mar geduld oefenje. Boris Johnson en Poetin ha Ludvig Seerden en syn kommisje derôf riden, liket it. Fuort nei Sinteklaas it ynintsjen al begûn. Mochten se yn Londen en Moskou fan keatsen hâlde en in eigen Trije ha, dan soe dy al rillegau wer iepen kinne. Wy sille wol oan takom maityd ta wachtsje moatte. Dan kinne de hoklingen op jierren wer de greide yn. Oant dan. Mar earst noflike krystdagen en in besteklike jierwikseling.

Foarsichtich mei karbyt!
Koop Scholten

Scroll naar boven