
De 55+ foar de 18e kear yn Jelsum/Koarnjum.
Op 7 augustus 2014 wie it de 18e kear al wer, dat dizze 55+ partij yn Jelsum/Koarnjum organiseart wurdt troch in groep frijwilligers. Foarsitter fan dizze groep is al jierren Rinze van der Veen. Hy dielde net allinnich de prizen út oan de priiswinners, mar ek de minsken, dy harren foar dizze partij fertsjinstelik makke hawwe, sa as de manlju fan de Kommisje 55+, krigen in moaie koer mei ynhâld fan de supermerk. Boppedat krigen de keatsers fan bûten Fryslân in sek jirpels en foar eltsenien hie Rinze wol in moai wurdsje. Ek de goeie stipers fan dizze partij binne nei foaren helle. De poedel fan dizze dei krijt normaal in sek jirpels, mar omdat dizze man yn de Kommisje 55+ sit, hie hy al in koer mei ynhâld ûntfongen en dûbel op hoecht net (syn toaal wie 6 foar en 18 tsjin).
Om 10.00 oere wie it begongen foar de 78 keatsers yn 2 fjilden mei 8 perken en om 16.10 oere foel de lêste slach by de partoeren 77 en 78 op de stân 5-3 (6-6). Jan van der Woud, ynfaller by partoer 77, moast opslaan mei in keats fan sa’n 15 meter en hy brocht de bal foaryn by Harke Anema, mar dy koe de keats net foarby slaan. Hjirmei kaam in ein oan in prachtige keatsdei. De froulju en oare belangstellenden koenen moai yn it sintsje sitte om de keatspartijen te folgjen, útsein in oantal froulju, dy tuskentiden de winkels fan Stiens besjoen hawwe.
De wedstrydlieding wie yn hannen fan Foppe de Vries en hy hie hulp fan de skiedsrjochters Dick van der Zee en Andries Wassenaar. Sa as altyd wie de fersoarging yn de kantine fan Harm en Tineke ek wer tige yn oarder. It klassemint is no tige spannend, want d’r binne fjouwer mei 32 punten. Auke Kuiken is de lieder wurden, omdat hy dizze punten helle hat út 16 wedstryden. Sjirk Overal hie d’r 17 wedstryden foar nedich en de oare twa ha dêr 18x oer dien.
Nije wike geane de 55-plussers op 13 augustus wer nei it fertroude Sonnenborgh yn Ljouwert.
Hjirûnder steane de priiswinners, dy 3x wûn hawwe.
A-klasse: 1. Anne Kramer, Snits. 2. Eddy van der Lei, Ljouwert. 3. Anno Miedema, Stiens.
B-klasse: 1. Hilbrand Schuurmans, Boalsert. 2. Germ Hallema, Jorwert. 3. Geert Hoekstra, De Jouwer.
C-klasse: 1. Meint Steegstra, Ferwert. 2. Anne Sybesma, Akkrum. 3. Piet Keizer, St. Anne.
Hjirûnder op de foto stiet Rinze van der Veen om de minsken ta te sprekken en de prizen út te dielen.