De 55+ nei 3 jier werom yn It Hearrenfean.
Jan van der Vlugt, de lytse man, mar grutte organisator fan It Hearrenfean is ús yn augustus 2012 ûntfallen en dan leit it dêr efkes stil, mar d’r binne no wer in oantal manlju, dy it oppakt hawwe. Wy mochten as útsondering keatse op it fuotbalfjild fan Heerenveense Boys en dat wie in moai rom plak mei 8 perken yn 2 fjilden. De mannen fan It Hearrenfean hienen tige harren bêst dien. Foaral foar de B- en de C-klasse lei de boppe op 40 meter wat te fier, mar oer it waar wie neat te klaaien, want it wie prachtige moai. De famylje van der Vlugt stelt it tige op priis, dat de 55+ no wer yn It Hearrenfean komt en stelt foar dizze “Jan van der Vlugt-partij” in wikselbeker beskikber (sjoch foto’s ûnder oan).
D’r hienen wol wat mear keatsers komme kinnen, want 60 is net sa’n dik soad. Om 10.00 oere gong it oan en wedstrydlieder Foppe de Vries besocht de saak goed oan de gong te hâlden, sadat it op tiid dien wêze koe en noch in oantal minsken nei Minnertsgea ta koenen om d’r noch wat te sjen fan de haadklasse manlju en froulju. Piet Keizer wie werom fan fakânsje en docht no de lotting wer. Wat is it dan moai foar him, dat hy ek noch de krâns wint en ek noch de bêste fan dizze dei wie, sadat hy de “Jan van der Vlugt – wikselbeker” yn ûntfangst nimme mocht. Jammergenôch wie hy al op wei nei Minnertsgea en derom is de beker op 27 augustus 2014 op Sonnenborgh oan him útrikt (foto ûnder oan).
De lêste slach foel om 15.30 oere by de partoeren 59 en 60. Hjir keatsten Johan Sikkema en Jaap van der Veen tsjin Jan Boorsma en Jouke Goudberg. Jaap hie al 2x wûn en wie oan de opslach by de stân 5-4 (4-4). Fan de earste bal tochten de perkmannen, dat dy bûten gean soe, mar foel krekt binnen de line en de twadde bal wie ûnferwurkber. Jaap hie hjirmei de 3e priis.
Piet Bosgraaf rikte om 15.55 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Foar it klassemint hat Jan Feenstra in konkurrent d’rby krigen en dat is Bert Veldman. Jan wûn mar 1x en Bert 3x. Kees Sikkema wûn ek mar 1x. Jan is no earste mei 30 punten, Kees is twadde mei 29 út 14 en Bert is 3e mei 29 út 16.
Nije wike al wer, op 23 july geane de 55-plussers nei it fjild fan K.V. Cannegieter yn Balk.
A-klasse: 1. Germ Hallema, Jorwert. 2. Jan Veenstra, Apeldoorn. 3. Oeds de Roods, Menaam.
B-klasse: 1. Sjirk Overal, Oldebroek. 2. Bert Veldman, Boalsert. 3. Jaap van der Veen, St. Anne. 4. Gerrit Otter, Goutum.
C-klasse: 1. Piet Keizer, St. Anne. 2. Henk Bootsma, De Knipe. 3. Klaas Meekma, Bontebok.
Hjirûnder op de foto steane soan Sybren mei de wikselbeker en dochter Jolanda van der Vlugt mei de blommen foar harren mem yn de hân, dy no op in leeftyd kommen is, dat it te dreech wurdt om te kommen.
Hieronder krijgt Piet Keizer (rechts) op 27 augustus 2014 op Sonnenborgh de “Jan van der Vlugt – wisselbeker” uitgereikt , die hij dus op 16 juli 2014 heeft gewonnen in Heerenveen als beste van die dag.
Afgevaardige Wieger Boonstra uit Heerenveen reikt Piet de beker uit.