Hâld de moed deryn.
Wat in ûnheil en ellinde
Giet ‘r oer ús grutte wrâld.
Kening Corona dy regearet
Dêrfan wurd’ je stil en kâld.
’n Protte deaden, protte siken,
Easket hy, mei hurde hân.
Eveneminten kin net trochgean,
Yn de wrâld, en yn ús lân.
Dokters ,susters en ek oaren,
Wurkje har in slach yn ’t rûn.
Om de siiken te fersoargjen,
En te meitsjen harren sûn.
Ienris sill’ hja dêr yn slagje
Wurdt de wrâld wer sa as ea.
Sille wy wer keatse kinne,
Boppe , bûten, foar as kwea.
Ja dan sille wy wer keatse,
Giet de bal fan hân nei hân.
Meielkoar sille wy dit firus
Ferslaan hjir yn ús Fryske lân.
Dêrom kop der foar keatsfreonen,
Stypje elkoar, dêr wêr as ’t kin.
As it firus straks ferslein is,
Gean wy wer de greiden yn.
Mei freonlike groetnis :
Mullum 06-04-2020 Piet de Groot