Froubuurt 2 juli 2014

Op de foto met de krans v.l.n.r.: Eeltsje Wiersma, Jan Boorsma en Anne Kramer.

Moaie keatsdei fan de 55+ yn Froubuorren.

D’r wienen no 72 keatsers nei Froubuurt takommen en om 10.00 oere koe it oangean mei in moaie keatsdei. De frijwilligers fan Keatsferiening “Klaine Izak” hienen it krekt lyk as ferline jier wer pico bello foar mekoar. D’r leinen 8 perken yn 2 fjilden en ek yn de kantine wie it tige goed, “Plate service, in gehaktbal, frites en sla foar € 5,-“, sadat jo net mei honger thús hoechden te kommmen. Dan wie it ek noch moai keatswaar op it smûke fjild, mei in temperatuer fan sa’n 18 graden en licht bewolkt. Minne Soepboer hie wer lotte en Foppe de Vries hie de wedstrydlieding.
De lêste slach foel om 15.40 oere by de partoeren 71 en 72. Anne Dijkstra fan partoer 71 moast opslaan op de stân 2-5 (4-6) mei in keats fan 15 meter. Hy brocht de bal foaryn by Gerrit Otter en dy koe de keats makkelik foarby slaan.

Piet Bosgraaf rikte om 15.50 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Nije 2 wike al wer, op 9 july geane de 55-plussers nei it keatsfjild op Sonnenborgh.
Kees Sikkema wie werom fan fakânsje, mar koe net tichterby Jan Feenstra komme foar it klassemint, want beiden wûnen 2x. Jan is earste mei 28 punten en Kees is twadde mei 26 punten.

A-klasse: 1. Anne Kramer, Snits. 2. Piet Stellingwerf, Harns. 3. Reinder Koops, Emmen.
B-klasse: 1. Eeltsje Wiersma, Berltsum. 2. Oeltsje Velstra, Idaard.
C-klasse: 1. Jan Boorsma, Menaam. 2. Peter Siemensma, Boalsert.

Scroll naar boven