De 55+ hie 175 jier yn it perk stean.
Efteryn stiet Sipke Wiersma, hy wurdt op 20 desimber 86 jier en Willem van der Meulen is op 1 novimber 89 jier wurden.
Sy keatsten mei Jolly Dooper in tige spannende partij 5-5 (6-6), mar ferlearen de lêste slach.
D’r wienen 108 keatsers nei de Trije yn Frjentsjer takommen en de helte (54) koe om 10.00 oere begjinne. De lêste slach foel om 16.10 oere by de partoeren 107 en 108. Op de stân 5-5 (4-4) moast Jan Bootsma fan partoer 107 opslaan. De earste bal brocht hy djip efteryn, sawat tsjin de kwea oan. Dat wie in sitbal en de oare koe Jan Spoelstra efteryn ek net ferwurkje, sadat partoer 107 wûn.
Grutte feroaringen yn it klassemint. Bert de Jong wûn 2x en hat no op it earste plak selsskip krigen fan Oeds Broersma, dy 3x wûn. Sy hawwe no 39 punten. Op it tredde plak steane Hilbrand Schuurmans en Wim Jousma mei 38 punten. Om 16.40 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hawwe. Oer 14 dagen, op 20 november, geane de 55plussers op ‘e nei nei de Trije yn Frjentsjer.
A-klasse : 1. Ale Mosselman, Goutum. 2. Oeds Broersma, Wytmarsum. 3. Jan Veenstra, Apeldoorn. 4. Evert Heeg, Easterlittens.
B–klasse: 1. Jelle de Haan, St. Anne. 2. Germ Hallema, Jorwert. 3. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 4. Sjirk Overal, Oldenbroek.. 5. Dirk Wiersma, Marsum.
C-klasse: 1. Piet Keizer, St. Anne. 2. Jan de Ridder, Stynsgea. 3. Marten Bergsma, Reduzum. 4. Anne Monsma, Marsum. 5. Durk Kamstra, Frjentsjer. 6. Oeltsje Velstra, Idaerd.
D-klasse: 1. Jan Wagenaar, Winsum. 2. Dirk Wiglema, De Jouwer (20-14).