Keatsen 55+

oprjochte yn 1994

Franeker – De Trije 2 maart 2011

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Sjoerd Nicolai, Piet Overberg, Bauke Jousma, Joop Wortman en Jan Bruinsma.

Wer 114 keatsers nei Frjentsjer ta set

Ofrûne woansdei 2 maart wienen d’r wer 114 keatsers nei Frjentsjer ta set en om 10.00 oere mochten de earste 54 keatsers fan de list oan de gong yn de Trije. De lêste party moasten se mei earsten gelyk begjinne. Yn seal 3 hienen in pear 55-plussers no sels mei plakbân de linen wer oanbrocht op de nije doar efter de perken en kinne se wer sjen as de bal yn, kwea as bûten is. De tûke lêzer sjocht fansels, dat Sjoerd Nicolai gjin krâns om hat. Hy eindige krektlyk as Bauke Jousma en hâldt de krâns te goede.

De partoeren 113 en 114 wienen dien om 16.00 oere, dochs de partoeren 103 en 104 makken it tige spannend en wienen dien om 16.05 oere. Op de stân 5-5 (6-0) wie Jouke Punter fan partoer 103 oan de opslach en brocht  de bal by Johannes Oudendag, mar dy koe de keats fan 20 meter net foarby, sadat Jouke Punter en syn maat Piet Stellingwerf trije kear wûn hienen.

Autobedriuw Steneker fan Ljouwert wie stiper en dêrtroch koe Foppe de Vries om 16.30 de gril/bakplaten en horloges útrikke oan de keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wike, op woansdei 16 maart geane de 55plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse :1e. Jan Bruinsma, It Hearrenfean. 2e. Hans Hilarides, Sint Jabik. 3e. Bertus de Jong, Ljouwert. 4e. Rienk de Groot, Ljouwert. 5e. Joop Bootsma, Reahûs.

B-klasse: 1e. Joop Wortman, De Jouwer. 2e. Gerrit Winkel, St. Anne. 3e. Piet Stellingwerf, Harns. 4e. Jan Boorsma, Menaam. 5e. Koop Scholten, De Wylgen. 6e. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. 7e. Jouke Punter, Wommels. 8e. Jan de Ridder, Stynsgea.

C-klasse :1e. Bauke Jousma – Menaam en Sjoerd Nicolai – Wytmarsum. 3e. Hilbrand Schuurmans, Boalsert.

D-klasse: 1e. Piet Overberg, Ljouwert. 2e. Albert Dijkstra, Gytsjerk. 3e. Jan van der Vlugt, It Hearrenfean.

Scroll naar boven