102 keatsers iné Trije.
Ofrûne woansdei 16 maart wienen 102 keatsers nei Frjentsjer ta set en om 10.00 oere mochten de earste 54 keatsers fan de list oan de gong yn de Trije. Utsein in oantal froulju, sjogge jo dêr ek keatsers, dy in blessearing ha, sa as Lieuwe Anema (7 wike lyn in nije heup), Anne Tienstra (skouder) en Auke Kuiken. Dizze manlju hâlde dan ek noch in tillegraaf by! Bauke Weerstra docht noch mar foar de tredde kear mei by de 55+ en no al in krâns.
De lêste party moasten hja mei earsten gelyk begjinne. De partoeren 101 en 102 wienen dien om 16.20 oere. Op de stân 5-4 (6-4) moast Oeds Broersma fan partoer 102 opslaan, mei in keats fan 15 meter en woe de bal djip erfteryn bringe by Oeds de Roos, mar de bal gong fier oer him hinne, dus kwea, sadat partoer 101 wûn.
Piet Bosgraaf rikte om 16.35 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wike, op woansdei 30 maart geane de 55plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjentsjer.
A-klasse : 1e. Sipke van der Zee, Tsjummearum. 2e. Thijs Houtsma, Westhoek. 3e. Jurjen Tiesnitch, Westhoek.
B-klasse: 1e. Freek Kuipers, Drachten. 2e. Luutzen Steegstra, Blije. 3e. Germ Faber, Snits. 4e. Jan Beimers, Dronryp. 5e. Rinze van der Veen, Koarnjum.
C-klasse :1e. Bauke Weerstra, Drylts. 2e. Henk Bootsma, De Knipe.
D-klasse: 1e. Jan Wagenaar, Winsum. 2e. Sjouke Herrema, Hoorn.