Keatsen 55+

Franeker – De Trije 13 april 2011

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Lou Herrema, Bauke Weerstra, Jan Boorsma en Siete Wassenaar.

De 55+ ha it winterskoft ôfsletten.

Ofrûne woansdei 13 april wienen 96 keatsers nei Frjentsjer ta set en om 10.00 oere mochten de earste 54 keatsers fan de list oan de gong yn de Trije. Oars slagt eltse spiler om bar in earst op, mar dizze lêste kear fan’t winterskoft hienen se fjlidreglemint, sadat d’r in foarbêst en foarminst opslager wie en de foarbêst kaam net yn it perk te stean. D’r binne ek noch medaljes útrikt oan de winners fan it klassemint yn 2008, 2009 en 2010, respektivelik Siebe van der Zee, Jan Hoekstra en Oeds de Roos. Better let dan net.

Johannes Algra (85 jier) út Frjentsjer komt de lêste jierren allinnich mar yn de seal te keatsen en tinkt no, dat dit syn lêste kear west hat, want hy sjocht it yn it perk wat minder en wol takommend winterskoft de maten net ta lêst wêze. Jammer, mar it is fansels al moai, dat hy it sa lang fol hâlde koe.

De partoeren 95 en 96 wienen dien om 16.20 oere. Op de stân 5-3 (6-2) moast Joop Langhout fan partoer 96 opslaan mei in keats fan 16 meter en bringt de bal djip efteryn by Heinz Palsma. Dy slacht him út, mar Jan van der Vlugt lit de bal slûpe, sadat partoer 95 wûn en dermei hie Heinz trije kear wûn.

Piet Bosgraaf rikte om 16.40 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Op woansdei 11 maaie begjint it simmerskoft en geane de 55plussers nei Ljouwert ta om op it smûke fjild fan Sonnenborgh te keatsen.

A-klasse : 1e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 2e. Ale Mosselman, Goutum. 3e. Monte Hallema, Frjentsjer. 4e. Jan Veenstra, Apeldoorn. 5e. Sipke van der Zee, Tsjummearum.

B-klasse: 1e. Jan Boorsma, Menaam. 2e. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. 3e. Jappie Miedema, Stiens. 4e. Lieuwe Meijer, Minnertsgea. 5e. Joop Wortman, De Jouwer.

C-klasse : 1e. Bauke Weerstra, Drylts. 2e. Harry Oudendag, Hommerts. 3e. Martinus van der Meer, Wytmarsum. 4e. Sjouke Herrema, Hoorn.

D-klasse: 1e. Lou Herrema, Slappeterp. 2e. Heins Palsma, Seisbierrum.

Scroll naar boven