De 55+ ha it winterskoft wer ôfsletten yn Frjentsjer.
Yn it earstoan de lêste kear yn De Trije koe it om 10.00 oere oangean mei de earste 54 keatsers fan de 90 op de list. As Foppe de Vries dan de ienichste is fan de Kommisje, dy betiid fan bêd komme kin en om 9.00 oere yn De Trije is, dan is it moai, dat Siete Wassenaar him helpt by de ynskriuwing foar 16 Maaie. It wie de juste man op it juste plak, want hy kin net allinnich goed keatse, mar ek moai skriuwe, sadat Piet Keizer it goed lêze kin, as hy de lotting wer dwaan giet foar 16 Maaie.
De partoeren 89 en 90 wienen dien om 16.05 oere. Op de stân 2-5 (2-6) hie Klaas Postma fan partoer 89 de lêste opslach. Jan Brandsma fan partoer 90 sloech de bal ienfâldich boppe, sa as hy it dizze dei sa faak die. Yn it klassemint steane no Lou Herrema en Sjirk Overal boppe oan mei 18 punten nei 8x yn dit jier. Op it tredde plak stiet Anne Baarda mei 17 punten en dan binne d’r 9 manlju mei 16 punten. Om 16.20 rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fiif wiken op 16 Maaie 2012 begjinne de 55plussers mei it Simmerskoft op it fjild fan Sonnenborgh yn Ljouwert.
A-klasse : 1e. Jouke de Roos, Luttelgeest.
B-klasse: 1e. Jan Beimers, Dronryp. 2e. Jan Bootsma, Wommels. 3e. Wim Jousma, Tytsjerk. 4e. Anne Dijkstra, Ljouwert
C-klasse: 1e. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum. 2e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 3e. Gerrit Winkel, St. Anne. 4e. Sjirk Overal, Oldebroek.
D-klasse: 1e. Anne Baarda, Menaam. 2e. Jelle Takema, Harns. 3e. Henk Steensma, Snits. 4e. Lou Herrema, Slappeterp.