Eintsjebslút

Lokwinske Ludwig,

Lof foar de lieders fan it einklassemint!
Likefolle punten!

In kamploop tusken Harns en Frjentsjer omtrint,
Mar oergeunst by ouwe seun Jan Kwast? Gjin momint!
Fan earsucht ha se fansels beide wat meikrige
-justjes minder as nûmer trije út ‘e rige-
mar, as elk fan ús, witte se hiel skoan,
dat der mear is as keatsen yn ‘e wrâld:
‘It libben jout, mei stean en fallen,
Rju driuwerkes nei stive ballen’ (Wynsen Faber, op ‘e Pim Mulier-wikselpriis)
Dêrom ús winsk, foar hjoed en letter as moarn:
Wurdt mei gelok en yn yn sûnens âld!

Goed útein en in fris begjin!
Koop Scholten

Scroll naar boven