120 keatsers op de list by de 55+ yn Frjentsjer.
Om 10.00 oere koe it yn de Trije oangean mei de earste 54 keatsers fan de list, mar omdat d’r in oantal ôfmeldingen wienen fanwegen sykte, moasten in pear partoeren twa tsjin twa keatse. De A en C klasse moast de lêste partij mei earsten gelyk begjinne en de B en D mei spullen gelyk. Wat is it dochs moai, dat in stikmennich blessearde keatsers ek efkes lâns komme om te sjen en in praatsje te meitsjen, bygelyks Jelle Goudberg nei syn slim ûngemak.
Foar it klassemint hat Sjouke Herrema út Hoorn no trije kear ferlern, mar dat hinderde neat, want hy wie al ûnberikber op it earste plak kommen mei 46 punten. Twadde is no Jan Hoekstra út Gytsjerk mei 39 punten en mei noch 1 wedstryd te gean kin hy Sjouke net mear ynhelje. Op it 3e en 4e plak steane Jan Veenstra út Apeldoorn (21x meidien) en Johan van der Veen fan Oentsjerk (22x) mei 38 punten.
De partoeren 119 en 120 wienen dien om 16.35 oere. Op de stân 5-5 (6-4) moast Andries Engbrenghof fan partoer 119 opslaan mei in keats fan 13 meter en brocht de bal foaryn by JanWagenaar. Dy sloeg bêst út, sadat de bal net keart wurde koe en sels boppe rôle. De folgendje bal kaam wer by Jan Wagenaar en doe hie hy in knapper, sadat partoer 119 wûn. Andries hie hjirmy de 2e priis.
Om 16.50 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Allinnich foar de C-klasse wienen d’r no gjin fleisprizen, sadat dizze 4 manlju de priis oer fjirtjin dagen krije op 21 desimber, want dan geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer en slúte nei it keatsen it jier ôf mei stamppot. Foar de frjoulju is er de moarns blomskikken.
A-klasse : 1e. Jan Brandsma, Grijpskerk. 2e. Jan Feenstra, Winsum. 3e. Jurjen Tiesnitsch, Westhoek. 4e. Jan Houwer, Boalsert. 5e. Klaas Postma, It Hearrenfean.
B-klasse: 1e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 2e. Wieger Boonstra, It Hearrenfean. 3e. Bart Limburg, Wolvegea. 4e. Jelle Velsma, Tsjummearum. 5e. Gerrit Winkel, St. Anne. 6e. Bert Veldman, Boalsert. 7e. Durk van der Schaaf, Stiens. (Dit wie Durk syn earste kear by de 55+).
C-klasse: 1e. Durk Kamstra, Frjentsjer. 2e. Sjirk Overal, Oldenbroek. 3e. Pieter Bouma, De Jouwer. 4e. Lou Herrema, Slappeterp.
D-klasse: 1e. Heinz Palsma, Seisbierrum. 2e. Andries Engbrenghof, Frjenstjer. 3e. Roel Zijlstra, Menaam.