Sinterklaas en Swarte Piet kamen ek del by de 55+.
D’r wienen op 4 desimber 101 keatsers nei de Trije yn Frjentsjer takommen en de earste 54 van de list koenen om 10.00 oere begjinne. De lêste slach foel om 16.25 oere by de partoeren 107 en 108. Op de stân 4-5 (6-6) mocht Piet Stellingwerf fan partoer 108 opslaan mei in keats fan 16 meter. Yn it perk stienen Klaas Postma en Durk van der Schaaf klear om de bal efkes foarby te slaan, mar dat liet de tûke opslager Piet Stellingwerf net samar ta. Hy hie in flitsende opslach en de bal kaam krekt efter de foarline del, sadat de perkmannen d’r neat mei koenen. Se roapen allebeide “foar” , mar by sa’n lêste partij binne safolle karmasters, dy de bal wol ynsjogge.
Foar it klassemint wûn Bert de Jong 3x en stiet no allinnich op it earste plak mei 44 punten. Hilbrand Schuurmans wûn mei muoite 2x en is no twadde mei 43 punten. Op it tredde plak stiet Oeds Broersma mei 42 punten. It bliuwt tige spannend mei noch 1x te gean.
Om 16.50 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hawwe. Oer 14 dagen, op 18 desimber, geane de 55plussers foar de lêste kear dit jier nei de Trije yn Frjentsjer. Nei it keatsen is d’r in gesellige neisit mei Chinees buffet en musyk fan de Fryske Shadows. Foar de froulju is d’r de moarns blomskikken.
A-klasse : 1. Bouwe van der Veer, Winsum 2. Bertus de Jong, Ljouwert. 3. Piet Stellingwerf, Harns. 4. Anne Kramer, Snits.
B–klasse: 1. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 2. Germ Hallema, Jorwert. 3. Henk Noordbruis, Marsum.
C-klasse: 1. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum (op 4 desimber ek al!!!). 2. Koop Scholten, De Wylgen. 3. Marten Bergsma, Reduzum.
D-klasse: 1. Theo Smit, Frjentsjer. 2. Jan Hoekstra, Gytsjerk.