Keatsen 55+

De Trije – Franeker 27 oktober 2010

De priiswinners mei de krâns en tillegraaf, flnr.: Geert Hoekstra, Henk Noordbruis, Anne Monsma en Jan van der Vlugt.

By de 55+ kinne der noch wol wat keatsers by yn De Trije yn Frjenstjer.

Ofrûne woansdei 27 oktober wienen der krekt lyk as de foarige kear 90 keatsers nei Frjenstjer ta set foar de twadde wedstryd dit winterskoft yn de Trije. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 fan de list. Dizze kear wienen der in pear stipers, Albert Heyn fan Sint Anne foar de krânsen en Albert Dijkstra fan Harns mei fjouwer sels makke tillegrafen foar de earste priiswinners. Hartsikke moai as jo soks kinne  en dogge!

De partoeren 89 en 90 wienen dien om 16.10 oere. Oeds de Roos fan partoer 89 moast opslaan mei in keats fan 13 meter op de stân 4-5 (2-6) en brocht de bal foaryn by Geert Hoekstra. Dy sloeg de bal fier foarby de keats, sadat partoer 90 wûn en hy sels de krâns fan de A-klasse meinimme koe.

Foardat Piet Bosgraaf om 16.30 oere de fleisprizen útrikte oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen, hat hy Janny Zijlstra út Menaam yn it sintsje setten. Sy hat fanôf it begjin yn 1995 (sawat 16 jier) soarge foar “Lief en leed”. Piet betanke har en beleane har mei in tút, in bos blommen en in waarstasjon. De keatsers moatte der no mar rekken mei hâlde, dat har eigen Piet net komt as der min waar op komst is.

Oer twa wiken, op woansdei (10 novimber) geane de 55plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjenstjer.

A-klasse : 1e. Geert Hoekstra, De Jouwer. 2e. Ale Mosselman, Goutum. 3e. Johan Sikkema, Emmeloord.

B-klasse: 1e. Henk Noordbruis, Marsum. 2e. Jan Bootsma, Wommels. 3e. Monte Hallema, Frjenstjer. 4e. Henk Vuijk, Burdaard.

C-klasse : 1e. Anne Monsma, Marsum. 2e. Piet Bergsma, Gytsjerk. 3e. Jolly Dooper, Oentsjerk.

D-klasse: 1e. Jan van der Vlugt, It Hearrenfean. 2e. Willem van der Meulen, Drachten (nije wike moandei 86 jier!).

Scroll naar boven