By de 55+ kinne noch wol wat keatsers by yn de Trije.
Ofrûne woansdei 26 oktober wienen 90 keatsers nei Frjentsjer taset en om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers, mar foarôf war earst in minuut stilte holden by it ferstjerren fan Riemer Zijlstra út Jirnsum op 24 oktober 2011. Yn 2010 hat hy noch twa kear meidwaan kinnen.
Sjouke Herrema út Hoorn siet no de lêste seis kear by de priiswinners, werfan twa kear earste (17/8 en 26/10), sadat hy no yn it klassemint dúdlik oan de lieding giet mei 41 punten. Jan Hoekstra út Gytsjerk wûn ek trije kear en is no twadde mei 35 punten.
De partoeren 89 en 90 wienen dien om 15.35 oere. Nei de opslach fan Sipke Wiersma fan partoer 89 joech de tillegraaf 5-3 (4-4) oan en leinen d’r in keats by de boppe en ien fan sa’n 17 meter. Willem Tamminga fan partoer 90 brocht de bal foaryn by Anne Baarda en dy sloech poerbêst út, sadat Sjoerd Nicolai by de boppe de bal nei de stuit net goed keare koe. Dan soenen jo sizze, dat hy by de lytsere keats, de bal net wer foaryn bringe moast, mar hy die it al en Anne Baarda sloech oer Sjoerd Nicolai hinne de keats foarby.
Om 16.05 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen op 9 novimber geane de 55plussers wer fierder yn de Trije yn Frjentsjer mei it winterprogramma.
A-klasse : 1e. Monte Hallema, Frjentsjer. 2e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 3e. Jan Houwer, Boalsert. 4e. Jan Veenstra, Apeldoorn.
B-klasse: 1e. Piet Keizer, St Anne. 2e. Auke Kuiken, Sint Jabik. 3e. Bert Veldman, Boalsert.
C-klasse: 1e. Sjouke Herrema, Hoorn. 2e. Bauke Jousma, Menaam. 3e. Jan de Ridder, Stynsgea.
D-klasse: 1e. Jan Hoekstra, Gytsjerk.