Keatsen 55+

De Trije – Franeker 26 maart 2014

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Lammert Miedema, Ieme de Haan, Marten Bergsma en Hein Nijdam.

By it 55+ keatsen koe gjin bal fuort reitsje.

De aaisikers dienen wer mei, want sy hienen it kwotum al wer betiid mei it tal aaien fol socht en dan tinke jo, d’r kin no gjin bal fuort reitsje sa as dy manlju sykje kinne. Dochs rekke d’r in bal fuort tusken it spant en it plaatwurk en dêr kin sels in aaisiker net by. Genôch oer de aaisikers, want d’r wienen op 26 maart 108 keatsers nei de Trije yn Frjentsjer takommen. Om 10.00 oere koe it wer oangean mei de earste 54 keatsers (18 partoeren) fan de list. De lêste slach foel om 16.30 oere by de partoeren 105 en 106 by de stân 5-5 (6-6), dus tige spannend. Op dy stân moast Jaap van der Veen fan partoer 105 opslaan mei in keats fan 20 meter en hy brocht de bal foaryn by Gerrit Winkel.  De útslach fan Gerrit koe makkelik keart wurde troch Siep Berkepas, sadat partoer 105 wûn. Om 17.00 oere rikte Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 2 wiken, op 9 april, geane de 55-plussers op ‘e nij nei de Trije.

A-klasse:1. Ieme de Haan, Makkum. 2. Jan Brandsma, Grypsjerk. 3. Monte Hallema, Frjentsjer. 4. Piet Stellingwerf, Harns. 5. Anne Kramer, Snits (20-10).
B-klasse: 1. Lammert Miedema, Diemen. 2. Harry Oudendag, Hommerts. 3. Sjirk Overal, Oldebroek. 4. Wopke Wiersma, Dokkum. 5. Wieger Boonstra, It Hearrenfean. 6. Piet Bierma, Dronten (20-9). 7. Johan Sikkema, Emmeloord (20-14).
C-klasse: 1. Marten Bergsma, Reduzum. 2. Piet Keizer, St. Anne.
D-klasse: 1. Hein Nijdam, Frjentsjer.  2. Henk de Vries, Drylts.

Scroll naar boven