De 55+ hat it winterskoft ôfsletten yn de Trije.
D’r wienen op 23 april 96 keatsers nei de Trije yn Frjentsjer takommen. Om 10.00 oere koe it wer oangean mei de earste 54 keatsers (18 partoeren) fan de list. It wie al dien om 15.40 oere en om16.10 oere rikte Piet Keizer de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Piet Bosgraaf hie dy deis oare drokte en Foppe de Vries moast yn de rin fan de middei ek fuort fanwegen in kremaasje. De oare manlju fan de Kommisje koenen harren d’r ek goed mei rêde.
Oer 3 wiken, op 14 maaie, begjinne de 55-plussers mei it simmerskoft winterskoft op Sonnenbrogh yn Ljouwert.
Kees Sikkema die goeie saken foar it klassemint en is mei 3x winst (en de krâns) op 21 punten kommen. De konkurrinsje ferlear punten. Piet Stellingwerf wûn 2 kear en is no twadde mei 17 punten.
A-klasse:1. Kees Sikkema, Dronten. 2. Age van der Goot, Goaiïngea. 3. Monte Hallema, Frjentsjer. 4. Oeds de Roos, Menaam. 5. Jan Veenstra, Apeldoorn.
B-klasse: 1. Jan de Ridder, Tsjalbert. 2. Anne Dijkstra, Ljouwert. 3. Wim Jousma, Tytsjerk. 4. Bart Limburg, Wolvegea. 5. Geert Hoekstra, De Jouwer.
C-klasse: 1. Bouke Jousma, Menaam. 2. Piet Keizer, St. Anne. 3. Hendrik Weiland, Koarnjum.