De Trije – Franeker 22 januari 2014

F.l.n.r.: Ieme de Haan, Siebe van der Zee en Henk Bootsma.

De 55+ hie wer folle bak.

In moai oantal fan 108 keatsers wie op 22 jannewaris 2014 nei de Trije yn Frjentsjer takommen en dat is hartstikke moai, want dan bin yn 2 kear alle keatsers oan bar west.  Om 10.00 oere begongen de earste 54 keatsers (18 partoeren) en sa dra d’r in partij klear wie, rôp Foppe de Vries de folgende partoeren op om yn de krite te kommen.  Piet Keizer hie lotte mei 3 klassen, 10 partoeren yn de A, 14 yn de B en 12 yn de C.
Om 16.25 oere foel de lêste slach by de partoeren 107 en 108. It wie 5-5 (6-2) en Teake Koster fan partoer 107 hie in keats makke fan 17 meter. Dernei moast syn maat Jan Boorsma opslaan en de útslach fan Sjirk Overal kaam op Teake ta rôljen. Dy liet de bal rinne, sadat Jan noch ris opslaan moast by (6-4). Jan liet het net mear fan syn maten ôfhingje en pleatste in sitbal efter yn it perk, tichtby de line, sadat Sjirk tocht frij te kinnen. Auke Kuiken, de oare maat fan Teake en Jan, wie hjir tige bliid mei, want no hie hy 3x wûn.
Om 16.50 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 3 wiken, op 12 febrewaris, geane de 55-plussers op ‘e nij nei de Trije.

A-klasse: 1. Ieme de Haan, Makkum 2. Piet Stellingwerf, Harns 3. Kees Sikkema, Dronten. 4. Monte Hallema, Frjentsjer. 5. Jurjen Tiesnitch, Westhoek.
B-klasse: 1. Siebe van der Zee, Lelystêd. 2. Wieger Boonstra, It Hearrenfean. 3. Sipke van der Zee, Tsummearum. 4. Bert Veldman, Boalsert. 5. Auke Kuiken, St. Jabik.
C-klasse: 1.  Henk Bootsma, De Knipe. 2. Jan de Jong, Dronryp. 3. Durk Kamstra, Frjentsjer. 4. Pieter Bergsma, Gytsjerk. 5. Rein Seerden, Snits. 6. Hans Homminga, De Jouwer. 7. Martinus van der Meer, Wytmarsum.

Scroll naar boven