De Trije – Franeker 2 januari 2013

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Lou Herrema, Ynze Steinstra, Heinz Palsma, en Jan Beimers.

De 55+ ha it spits yn 2013 d’r wer ôf biten yn Frjentsjer.

Op 2 jannewaris stie de foarsitter de keatsers by de doar op te wachtsjen om eltsenien in hân te jaan, mei de bêste winsken foar 2013.  Dernei koe it om 10.00 oere oangean yn de Trije mei de earste 54 keatsers fan de list fan 108. It wie hjoed wat behelpen mei de organisaasje, want Minne Soepboer wie siik en Piet Keizer moast mei de frou nei it sikehûs. Hja wienen bliid, dat Foppe de Vries d’r wer wie en mei help fan Gerrit Winkel die hy de moarns earst it ynchecken fan de keatsers. Dernei dy Foppe de wedstrydlieding en dat wie dochs in hiele drege dei foar him. De partoeren 105 en 106 wienen krekt út om 16.30 oere by de stân fan 4-5 (6-6) en de partoeren 107 en 108 moasten ophâlde by de stân 4-2 (6-6) en noch 1 slach. Jan Wagenaar fan partoer 108 sloeg op en brocht de bal foaryn by Heinz Palsma en dy koe de keats fan 16 meter net foarby. It makke foar Heinz net út, want syn  partoer wûn mei 4-3 en pakte hjirmei de krâns. Hy hie 2012 ek al ôfsletten mei in krâns.

Om 16.50 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer 14 dagen, op 16 jannewaris 2013 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1e. Ynze Stienstra, Baaium. 2e. Jan Buitenga, St. Nyk. 3e. Piet Stellingwerf, Harns. 4e. Frans Postmus, Hitsum.
B-klasse: 1e. Jan Beimers, Dronryp. 2e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3e. Johannes Oudendag, Arum.
C-klasse: 1e. Lou Herrema, Slappeterp. 2e. Bouke Jousma, Menaam. 3e. Hillebrand Schuurmans, Boalsert. 4e. Willem Tamminga, Frjentsjer. 5e. Oeltsje Velstra, Idaard. 6e. Marten Bergsma, Reduzum.
D-klasse:
1e. Heinz Palsma, Seisbierrum.

Scroll naar boven