Keatsen 55+

De Trije – Franeker 18 januari 2012

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Andries Idzerda, Johan van der Veen, Jan Hoekstra, en Bouke Jousma.

By de 55+ fjouwer man út de wâlden (1/3) yn de prizen yn Frjentsjer.

Nei in bakje kofje yn de kantine fan de Trije yn Frjentsjer, stutsen om 10.10 oere de earste opslagers de hân omheech as teken, dat it oangong. Dizze kear stienen d’r 96 keatsers op de list en dan kinne d;r noch wol wat by.
De partoeren 95 en 96 wienen dien om 16.15 oere. Op de stân 4-5 (2-6) moast Joeke Jongsma fan partoer 96 opslaan mei in keats fan sa’n 12 meter. De hege bal foel pardoes tusken Johannes Algra en Jan van der Vlugt yn. Se stienen d’r by en seagen d’r nei, sadat de partij út wie.

Om 16.40 oere rikte Piet Bosgraaf de prizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Sy mochten in horloazje útsykje en in leverwoarst, beskikber stelt troch autohânnel Herman Steneker út Ljouwert. D’r wie no ien keatser, dy twa kear wûn en yn de earste twa partijen ien kear ferlear mei 5-5 (6-6), sadat hy ek in priis krige.
Oer 21 dagen (!), op 8 febrewaris 2012 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1e. Andries Idzerda, Goutum. 2e. Daam van der Leij, Dronryp. 3e. Ale Mosselman, Goutum. 4e. Jouke de Roos, Luttelgeest.
B-klasse:  1e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 2e. Jouke Punter, Wommels. 3e. Jan Spoelstra, Frjentsjer.  
C-klasse:  1e. Bouke Jousma, Menaam. 2e. Jolly Dooper, Oentsjerk.
D-klasse:  1e. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 2e. Pieter Bergsma, Gytsjerk. 3e. Teade de Vries, Frjentsjer (20-8).

Scroll naar boven