De 55+ foar it earst wer los yn de Trije.
Foar de earste kear fan it winterskoft wienen 90 keatsers nei Frjentsjer takommen. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de list. Dizze kear gjin eamelerij oer it waar, want men koe no moai binnen keatse yn de sporthal. Piet Keizer wie al in tydsje werom fan fakânsje, sadat hy moai lotte hie mei 10 partoeren yn eltse klasse (A, B en C). Foppe de Vries hie wer in drokke dei, want hy moast de moarns earst de keatsers yntsjekke en dernei de hiele dei de wedstrydlieding dwaan. It materiaal wie wer tige yn oarder, want Jolly Dooper hie de blokjes wer moai opferve en ek hie hy no foar eltse seal in plastyk bak wer de blokjes en tillegraafspullen ynpasse.
De lêste slach foel om 16.00 oere by de partoeren 87 en 88, by stân 5-2 (6-4). Rinze van der Veen fan partoer 87 moast opslaan mei in keats fan sa’n 18 meter en brocht de bal foaryn by Pieter Bouma. Pieter sloech de bal troch de midden út, sadat Rinze de bal makkelik werom slaan koe.
Sjirk Overal die goeie saken foar it klassemint, want hy wûn 3x en syn neiste konkurrent, Auke Kuiken wûn mar 1x. Auke hat it no wat dreger mei de opslach, omdat de perkbreedte no mar 3 meter is yn pleats fan 4,50. Sjirk is earste bleaun, no mei 46 punten en Auke is op 43 punten kommen krekt lyk as Jan Feenstra.
Piet Bosgraaf wie mei fakânsje, sadat Foppe de Vries en Johan Sikkema de fleisprizen útrikke mochten om 16.20 oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer 2 wike, op 29 oktober, geane de 55-plussers op ‘e nei de Trije yn Frjentsjer.
A-klasse: 1. Jan Brandsma, Grypstsjerk. 2. Ale Mosselman, Goutum. 3. Piet de Groot, Mullum. 4. Klaas Postma, It Hearrenfean. 5. Frans Postmus, Hitsum. 6. Evert Heeg, Easterliitens (20-13). 7. Andries Idzerda, Goutum (20-13).
B-klasse: 1. Wim Jousma, Tytsjerk. 2. Sjirk Overal, Oldebroek. 3. Jelle Goudberg, Frjentsjer. 4. Harry Oudendag, Hommerts. 5. Gerrie Otter, Goutum.
C-klasse: 1. Jolly Dooper, Oentsjerk. 2. Koop Scholten, De Wylgen. 3. Oeltsje Velstra, Idaard.