Keatsen 55+

oprjochte yn 1994

De Trije – Franeker 14 maart 2012

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Sjoerd Nicolai, Jan Houwer, Ype de Vries en Anne Kramer.

By de 55+  misten in pear aaisikers yn Frjentsjer.

It is net te leauwen, dat in pear manlju it aaisykjen moaier fine as it keatsen. Mei in pear minder as twa wike lyn, koe it om 10.00 oere yn de Trije oangean mei de earste 54 keatsers fan de 102 op de list. Piet Keizer wie al wer safier opknapt, dat hy efkes op besite kaam. Minne Soepboer hie wer lotte en dat sil foarearst in skoftsje sa bliuwe, oan’t Piet wer  hielendal opknapt is.

De partoeren 97 en 98 wienen dien om 16.05 oere. Op de stân 5-4 (2-2) moast Willem van der Meulen (87 jier!) fan partoer 98 opslaan mei in dikke en in lytse keats.  De earste lytse keats sloech foarynse Ype de Vries foarby en de oare dikke keats gooide Willem bûten it perk, sadat partoer 98 op de dea kaam te stean (6-2). Dêrnei hie Willem in sitbal (6-4) en in bûtenslach, sadat partoer 97 wûn en Foppe letter Ype de Vries de krâns omhinje koe.  Yn de A-klasse hienen Jan Brandsma en Jan Houwer fan plak wiksele neffens twa wike lyn.

Om 16.30 rikte Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken op 28 maart 2012 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1e. Jan Houwer, Boalsert. 2e. Jan Brandsma, Grijpskerk. 2e. Daam van der Leij, Dronryp. 4e. Frans Postmus, Hijum.
B-klasse: 1e. Anne Kramer, Snits. 2e. Jan Spoelstra, Frjentsjer. 3e. Lou Herrema, Slappeterp.
C-klasse:
1e. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum. 2e. Cathrinus Helfrich, Grou. 3e. Jolly Dooper, Oentsjerk. 4e. Tom Twerda, Putten (20-9). 5e. Sjirk Overal, Oldenbroek (20-12). 6e. Marten Bergsma, Reduzum (20-12).    
D-klasse:
1e. Ype de Vries, Oentsjerk. 2e. Jan Bleeker, Snits.

Scroll naar boven