De Trije – Franeker 10 april 2013

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Bouke Jousma, Piet de Groot, Andries Engbrenghof en Tjerk Jorritsma.

De 55+ ha it winterskoft ôfsletten yn Frjentsjer.

Oan de jassen fan de priiswinners kinne jo sjen, dat it op 10 april noch lang gjin simmer is. It foarjier begjint dit jier troch de kjeld wol 3 wiken letter, mar d’r is noch hoop, want oer 5 wiken pas op 15 maaie begjinne de 55+ keatsers mei it simmerprogramma en dat sil heve op Sonnenborgh yn Ljouwert.

No wienen op 10 april foar de tredde kear efterien 108 keatsers fan de 55+ ôfsetten nei de Trije yn Frjentsjer. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de list. De partoeren 107 en 108  wienen noch krekt op tiid út om 16.26 oere. De betûfte opslager Piet Stellingwerf brocht de hurdrinnende bal foaryn by Johan van der Veen en dêr hie hy gjin fet op, sadat partoer 108 wûn mei 5-4 (6-6). Jouke de Roos fan partoer 108 foel hjirmei ek noch moai yn de pryzen.
Om 16.45 oere rikten Piet Keizer en Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen.

A-klasse : 1. Piet de Groot, Mullum. 2. Jurjen Tiesnitch, Westhoek. 3. Andries Idzerda, Goutum. 4. Klaas Postma, It Hearrenfean. 5. Jouke de Roos, Luttelgeest.
B-klasse: 1. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 2. Jelle Goudberg, Frjentsjer. 3. Joop Wortman, De Jouwer. 4. Sjirk Overal, Oldenbroek. 5. Eeltsje Wiersma, Berltsum . 6. Wim Jousma, Tytsjerk (20-11).
C-klasse:
1. Bouke Jousma, Menaam. 2. Marten Bergsma, Reduzum. 3. Pieter Bouma, De Jouwer. 4. Dirk Wiglema, De Jouwer.
D-klasse:
1. Andries Engbrenghof, Frjentsjer.

Scroll naar boven