Buitenpost 50+ op 21 sept. 2013

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Auke Althof, Hendrik Jansma, Jan Brandsma en Pieter Bergsma. Der foar Foppe de Vries & Wietske Nutma.

Nei 25 jier de allerlêste kear yn Bûtenpost fan 50plussers.

Foppe de Vries & Wietske Nutma hawwe al 25 jier en no foar de 24e kear op útnoeging in partij foar 50plussers organiseart yn Bûtenpost. Ferline jier koe it net trochgean omdat Foppe hommels yn it Sykehûs telâne kaam, mar gelokkich is Foppe dit jier wer aardich opknapt. Nei safolle jierren komt dan in kear it beslút om d’r mei op te hâlden en dan giet it krekt as by “Heerenveen”, dan fine jo fuortdaliks net wer sa’n Foppe.  D’r wienen 84 keatsers op 21 septimber 2013 delkommen yn Bûtenpost en sy koenen om 10.00 oere begjinne te keatsen yn 2 fjilden mei 8 perken. De keatsers wienen yndield yn 4 groepen, yn groep 1 en 2 sieten 6 partoeren en yn groep 3 en 4 elts 8 partoeren.  D’r wie 3x lotte, sadat eltse keatser 3x keatse moast mei oare maten en dan ward yndividueel de priis bepaald. De funksjes moasten ferdield wurde, foarbest opslaan, foarminst en yn it perk stean. De 3 skiedsrjochters, Tonnie de Vries, Jouke Bos en Harry de Boer moasten de keatsers yn ‘e stokken hâlde en dat gie harren krekt lyk as oare jierren wer goed ôf.

Sa as altyd stie op it fjild in tinte, wer men fan alles, sa as kofje, sop en gehaktballen as fuotballen keapje koe by de froulju Meta Oppedijk en Hiltsje Prins. De oare stipe, sa as fjildlizzen en opromjen, kaam fan Sjouke Hylkema, Hendrik Hylkema, Willem Bouma en Jochum Bouma. Foppe die sels de wedstrydlieding, sa as de 55+ keatsers, dat ek went binne. Sjoen de tiid fan it jier foel it waar ta, want it wie wat bewolkt, mar sa no en dan in bytsje sinne en it bliuw droech. Foar de keatsers wie in temperatuer fan sa’n 16 graden net ferkeard, mar foar de 60 meikommen froulju hie de sinne d’r wat mear by kint. Mei it ferklaaien en dûsen wie it dizze lêste kear wat behelpen, want de klaairomte wie yn de renovaasje. Op it fjild sels stie in toiletwein, sa as wy dat ek tsjinkomme by de PC en Freule. De keatsers koenen foar it dûsen nei de Sporthal in kilometer fan it fjild ôf, mar dat wie net sa’n punt, want men woe wol fris nei “The Point” wer nei ôfrin de prizen útrikt wurden soenen en in grut warm en kâld buffet klear setten wurde soe. De lêste slach foel om 16.30 oere.

Yn The Point waarden de minsken ûntfongen mei muzyk fan Johan Bekema en Jan Houwer. Nei de priisútrikking kaam Evert Heeg d’r ek noch by. Wat is it dochs prachtich, dat d’r ûnder ús keatsers sokke geweldige muzikanten sitte. Foardat Foppe en Wietske om 17.50 oere de prizen útrikten, woe Piet Bosgraaf, de foarsitter fan de 55+ keatsers, it wurd. Hy fertelde, dat de keatsers, dy al sa’n protte jierren mei in soad nocht nei Bûtenpost kamen, dit net samar foarby gean litte woenen. Men woe Foppe en Wietske in ôfskiedskado oanbiede en omdat sy faaks mar koart yn Appelskea bliuwe kinne, kamen sy no mei in jildbedrag fan € 590,- op de proppen, sadat sy dêr wat langer fakânsje hâlde kinne. Dêr hawwe sy no ek wat mear tiid foar fansels, no sy gjin soarch mear hawwe om sa’n grutte partij te organisearjen. Men wol it harren graach ta hawwe.  Foppe en Wietske dienen dernei de priisútrikking en dat wie krekt as altyd hiel wiedweidich, want eltse keatser, dy net in priis hie, ûntfong in rollade. De priiswinners krigen in grutte doaze mei fleis en dat wienen 9 keatsers yn groep 1 en 2, 12 yn groep 3 en 11 yn groep 4.   De groepswinners krigen de krâns omhongen en Auke Althof ûntfong in tillegraaf as bêste fan dizze dei. De frijwilligers ûntfongen noch in doaze mei fleis. Derneist krigen alle froulju in roas en de keatsers in lyts potsje huning (Germ Koopmans) wer op stie “Bedankt foar jo kommen. Foppe en Wietske”.

De seal yn The Point siet fol en alle minsken koenen nei de priisútrikking nei it warm en kâld buffet en dat wie hiel wiedweidich. Dat foar € 5,- per persoan. Dan kinne jo sjen, dat Foppe & Wietske hiele goeie stipers hienen en dat stie ek allegearre beskreaun yn it programmaboekje fan dizze dei. By en nei de iterij fleurden de muzikanten de boel op mei harren prachtige muzyk. In soad minsken makken fan de gelegenheid gebrûk om efkes te dûnsjen. Om en naby 20.15 oere gongen de measte minsken nei Foppe & Wietske ta om ôfskie te nimmen en harren te betankjen foar dizze bjusterbaarlik moaie en gesellige dei.

Hjirûnder steane de priiswinners, dy 3x wûn hawwe. Hendrik Jansma stie ek yn 2011 mei de krâns om.

Groep 1: 1. Hendrik Jansma. 2. Jurjen Tiesnitch. Groep 2: 1. Jan Brandsma. 2. Ieme de Haan. Groep 3: 1. Pieter Bergsma. 2. Siebe van der Zee. Groep 4: 1. Auke Althof. 2. Wim Jousma. 3. Jan Postma. 4. Gerrit Otter.

Hjirûnder stiet Auke Althof mei de tillegraaf. Auke hat oanjûn, dat hy de tillegraaf skinke wol oan it “Kaatsmuseum” as herinnering oan de 25 jier yn Bûtenpost.

AukeAlthof_telegraaf

Hjirûnder in foto fan in part fan it fjild mei publyk. Lofts op de foto de toiletwein. Nanne Tigchelaar en Sjirk Overal stean yn it perk klear om de bal boppe te slaan.
Skiedsrjochter Tonnie de Vries siket syn plak yn it keatsfjild wer op.

Buitenpost21sept2013

Scroll naar boven