Keatsen 55+

oprjochte yn 1994

‘Alde slakken’ op slach.

Yn ús Ljouwerter ha ‘k fergees socht om ‘e útslaggen fan ‘e jubileumpartij. Trouwens, op ‘e KNKB-side – mei in filmke fan û.o. in smaaklik-sigaarke-paffende Anne Sybesma – ha se my oant no ta ek net yn ‘e wei west. Dy ‘âlde slakken’ komme fia Gerrit Kloosterman syn ympresje by Maartsje wei, frou fan Siete Wassenaar, ien fan myn maten. Al hie ‘k it mei him knap troffen, lykas mei Thom Twerda, mei troch eigen tadwaan rekken we der doch ôf, mei 5 om ‘e 4. Oars hienen we tsjin de lettere priiswinners moatten: Hepke Hiemstra, destiden Thom syn maat doe’t se yn 1960, mei in S.Bootsma, foar Wommels de premy op ‘e Jong Nederlân wûnen, Oeltsje Velstra en Rein Seerden. Rein en de jim wolbekende Jolly Dooper troffen it, dat se bylotten. Sadwaande koe Jolly de twadde winne, mei Rienk de Groot en Johan Sikkema, dy’t syn lêste partij grif graach mei de priis bekroane wollen hie; mar dat siet der net yn. Wat hjir foaral even neamd wurde moat is Oeltsje syn oerwinning. De iennichste, tink, dy’t twa jubileumpartijen wûn hat. Dy fan 2002 levere him ek de krânse op, mei Henk Schraa, út Hurdegaryp, onbekend yn ús 55plus-rûnte en Siebe Smedinga, mar al te bekend, foaral troch syn bytiden wolris wat lêbich praat…
Ta beslút tank oan alle frijwilligers, de jubileumkommisje en it HB fan de KNKB, en ús eigen 55plus-kommisje dat se dizze moaie keatsdei mooglik makke ha.

Koop Scholten

Toevoeging redaktie.

Hieronder de links naar de uitslagen op de KNKB site + foto’s (verliezersronde staat hier niet bij):

50+ klik hier

60+ klik hier

70+ klik hier

 

 

Scroll naar boven